'Rottebestriding net oars'

De rottebestriding is yn Fryslân goed, seit it wetterksip
Der hoecht net ien grutte organisaasje te kommen foar de bestriding fan muskusrotten. Heechút moat der in lanlike koördinator oansteld wurde dy't oplet oft gebieten net fergetten wurde.
Dat is de reaksje fan Wetterskip Fryslân op in rapport, dat pleitet foar ien grutte organisaasje. Yn Fryslân is it wetterskip ferantwurdlik foar de muskusrottebestriding. Yn oare provinsjes is dat minder dúdlik regele.