Boetes foar alkohol yn ferkear

26 mrt 2007 - 10:27
Foto: Omrop Fryslân

By alkoholkontrôles hat de plysje snein acht automobilisten op de bon slingere. Twa fan har hienen safolle dronken dat se ek har rydbewiis ynleverje moasten.

It giet om in ynwenner fan it Hearrenfean en ien fan Ljouwert. Dy lêste waard oanhâlden nei in oanriding. De man naaide nei it ûngelok út, mar de plysje koe him letter noch oppakke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)