Frou makket brân yn eigen hûs

26 mrt 2007 - 10:24
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneintejûn in frou fan 41 fan Drachten oanhâlden. Sy wurdt der fan fertocht wurdt brân makke te hawwen yn har wenning. It hûs fan de froiu stiet oan de Zwemmer.

De warskôge brânwacht koe foarkomme dat de brân foar in soad skea soarge. De frou is oerbrocht nei it plysjeburo. Neffens de plysje hat se psychyske problemen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)