Bekeurings útdield yn Drachten

25 mrt 2007 - 17:44
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn Drachten sneon 31 bekeurings útdield oan bestjoerders mei in oanhingwein. Tsien bestjoerders hiene de wein net goed fêstset en nochris njoggen hie de lading net goed genôch ôfdutsen sadat it der yn guon gefallen ôf drige te fallen.

De oare bekeurings wiene foar ljochten dy't net yn oarder wiene. Ien bestjoerder hie gjin goed rydbewiis.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)