Oanhâlding foar autostellerij

25 mrt 2007 - 17:38

Twa manlju fan De Westerein (23) en in ynwenner (25) fan Dantumadiel binne sneontenacht oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in auto.

Neffens de eigner fan de auto, in 23-jierrige Westereiner, ha de manlju syn kaaien stellen en binne se yn syn auto útnaaid. De plysje sette in achterfolging yn en koe de manlju op de Kûkhernsterdyk klemride. Dêr die bliken dat de Westereiner dy't achter it stjoer siet, gjin rydbewiis hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)