De Jouwer stunt tsjin Achilles

25 mrt 2007 - 16:49

De Jouwer hat yn de sneinshaadklasse foar in grutte ferrassing soarge troch mei 2-1 te winnen fan Achilles '29. Yn Groesbeek kaam De Jouwer nei seis minuten op foarsprong troch in eigen goal fan Achilles. Foar it skoft kaam de thúsploech wer op likense hichte.

Mei noch 20 minuten te gean sette Peter van der Slot De Jouwer op 'e nij op foarsprong. De Jouwer joech dat net mear fuort en draacht it lêste plak dêrtroch oer oan MSC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)