Snits wint fan Be Quick 1887

Hans Schrijver, trener fan Snits
Yn de sneinshaadklasse C hat Snits snein mei 1-0 wûn fan Be Quick 1887. Op it eigen sportkompleks 'De Molenkrite' makke Edgard Antonides nei 9 minuten de iennige goal. Dêrnei krige Snits de bêste kânsen mar de skoare koe net útwreide wurde. Yn de slotfaze ferrjochte Snits-keeper Herald Nauta noch in wichtige rêding op in kopbal fan Willem Lanjouw. Troch de oerwinning is Snits no hast wis fan hanthavening yn de haadklasse.