Man yn scootmobyl mishannele

© Omrop Fryslân
In 63-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean hat oanjefte dien fan mishanneling. De man ried sneontemiddei op syn scootmobyl op de Kempenaerssingel en liet syn hûn út. In ûnbekende man rôp in pear kear dat er mei syn hûn fuortgean moast.
De ûnbekende gie de man yn de scootmobyl efternei, pakte him fêst en joech him sûnder oanlieding in pear klappen. Hjirnei naaide er út.