Aaisykjen slim bedrige

24 mrt 2007 - 17:40

As it tal ljippen yn likeheech tempo ferminderet as no, is it oer inkelde tsientallen jierren dien mei it ljipaaisykjen. Dat seit in meiwurker fan ûndersyksburo Sofon yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân, snein op televyzje.

De tradysje fan it aaisykjen stiet ûnder druk. Ein maaie tsjinnet de safolste rjochtsaak. Sofon hat net konstatearje kinnen dat neisoarch risseltaat hat foar de populaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)