ONS ferliest fan DOS Kampen

24 mrt 2007 - 16:36

ONS Snits hat sneontemiddei mei 2-1 ferlern fan DOS Kampen. Dêrtroch kinne de titelaspiraasjes fan de Snitsers yn de iiskast.

By it skoft wie de stân 2-0 troch goals fan Ziyech en Post. Yn de twadde helte krige Frank Koenderman fan DOS Kampen in reade kaart. Ton Haarman skoarde dêrnei, mar dy goal waard ôfkard. Yn de blessueretiid waard it troch in eigen goal wol 2-1, mar foar de Snitsers foel de goal te let.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)