Johnny Tuinstra giet troch

Johnny Tuinstra giet troch mei iisspeedway. Dat syn sport net sûnder risiko's is, hat de coureur út Tzummearum ferline wike op pynlike wize ûnderfûn. By de Grand Prix-wedstriid yn Berlyn gie er hurd ûnderút. It gefolch wie gatsjes yn 'e longe en in stikken rêchwervel.
Tuinstra lei hast in wike op de intensive care. No is er wer thús. Hy kaam freed werom út Dútslân. It herstel giet hiel goed.