Tsjûgen deadlik ûngelok socht

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Raerd dêr't in fytser by omkommen is. De oanriding wie op sneon 27 jannewaris op 'e Snitserdyk. In Raerder (26) ried dêr mei syn auto in 20-jierrige fytsende doarpsgenoat oan.
De automobilist hat noch 112 belle en earste help jûn. Ambulânsepersoniel besocht de jongeman te rêden, mar hy ferstoar op it plak sels. De plysje siket minsken dy't flak foar of nei it ûngelok foarbyriden binne.