Jonge en famke arrestearre

24 mrt 2007 - 15:47

In jonge en in famke fan 17 en 15 jier binne freed op 'e Lemmer troch de plysje oppakt. Se wiene fuortstjoerd út in hoarekagelegenheid oan de Flevostrjitte omdat se dwers wiene. In 37-jierrige frou út Ljouwert hie harren derút set.

De jonge waard doe sa dûm dat er tsjin de doar oan trape en de frou sloech. It famke holp him dêrby. De twa binne op it plysjeburo ferheard en mochten dêrnei wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)