Motor klapt op fyts op A7

24 mrt 2007 - 15:40

In motor is freedtemiddei op in fyts riden dy't op de autodyk A7 lei. De fyts wie fan in fytsedrager op in auto losrekke en op de wei fallen. In automobilist dêrachter koe der noch krekt omhinne ride. Dat slagge in 57-jierrige motorrider út Den Bosch net, alhoewol't er hurd remme.

De motor skode ûnderút. De motorrider moast foar ûndersyk nei it sikehûs yn Drachten. Syn frou (52) dy't achterop siet, rekke ek ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)