Groenveld kampioen fluchdamjen

24 mrt 2007 - 14:02
Foto: Omrop Fryslân

Folkert Groenveld fan De Jutryp is freed yn Hartwert kampioen wurden by it fluchdamjen Frysk Spul. Twa wiken lyn waard Groenveld al kampioen yn de 'twadde acht'. Der stiene freed 38 dammers op 'e list.

Der waard neffens Switsersk systeem acht rûnten damme. Groenveld wûn sân fan syn acht partijen. Tjalling Goedemoed fan Ljouwert koe Groenveld yn de lêste ronde noch fan de titel hâlde, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)