Help minima mei formulieren

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Ljouwert wol minima helpe mei it ynfoljen fan drege formulieren. Dêrmei kinne minsken mei in lyts ynkommen jild weromfreegje of fergoedings krije foar útjeften.
No gean ekstraatsjes faak oan 'e noas fan minima foarby, om't se net op de hichte binne fan de regelings. It kin ek wêze dat se opsjogge tsjin de administrative drokte. De PvdA wol dat der in 'formulierebrigade' komt dy't de minsken helpt.