Atsma promoatet Breteler

24 mrt 2007 - 12:35

Joop_Atsma organisearret yn Den Haag in itentsje om it wurk fan keunstner Gerrit_Breteler te promoatsjen. Hy docht dat tegearre mei in Haachske ûndernimmer. Twadde Keamerlid Atsma hâldt it itentsje op persoanlike titel.

Yn in restaurant yn de politike haadstêd is no al wurk fan Breteler te sjen. Atsma noeget politisy en ûndernimmers út om komme te iten en sjen. Hy docht dat om harren in stikje fan Fryslân priuwe te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)