Muskusrôt fret diken op

24 mrt 2007 - 12:30

Polderdiken kinne 70 prosint yn krêft ôfnimme as muskusrotten deryn groeven hawwe. De kâns op oerstreamings nimt ta fan ien kear yn 'e hûndert jier oant ien kear yn de tritich jier. Dat hat Wetterskip Fryslân bekendmakke.

Oer de bestriding fan muskusrotten is faak diskusje. No binne der ek hurde sifers. Ferline jier waarden 26.000 bistkes fongen. It wetterskip jout dêr alle jierren 3,5 miljoen euro oan út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)