Slee wurdt oan kontrakt holden

23 mrt 2007 - 21:55

Berneboekeskriuwster Carry Slee wurdt troch útjouwer Foreign Media Books út Ljouwert oan har kontrakt holden.

De skiuwster mei oerstappe nei in oare útjouwer, mar Foreign Media Books bliuwt eigner fan de rjochten fan al har besteande titels. Carry Slee sjocht de saak oars. Neffens har is der ôfsprutsen mei de eardere direkteur dat se har titels meinimme kin as se oerstapt nei in oare útjouwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)