Minne winter muskesrottefanger

23 mrt 2007 - 16:55

It hat yn tsien jier net sok min waar west foar de bestriding fan muskes- rotten. De bestriders fan it wetterskip hawwe troch it reinwetter fan dizze winter in soad ûnderdak sitte moatten. Ek koene se in pear kear gjin fûken sette yn de dûkers, om't dat de trochstreaming beheint.

De lêste jierren wie der krekt sprake fan minder rotten. Yn 1994 waarden noch mear as 100.000 fongen. Ferline jier wiene dat noch mar 26.000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)