Sertifikaat foar fleanbasis

23 mrt 2007 - 15:03

De fleanbasis yn Ljouwert krijt takom wike tiisdei in sertifikaat útrikt wêryn't stiet dat de basis oan alle militêre loftfearteasken foldocht. Sa beskikt de basis yn Ljouwert oer in systeem dat der op ta sjocht dat mei kwalitatyf goed materiaal flein wurdt.

Fierders ferplichtet de organisaasje himsels hieltyd wer ferbetterings oan te bringen op it mêd fan ûnderhâld. Doel is om de feilichheid fan it fleanen te garandearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)