Jildtekoart besikerssintrum

Jild Nasjonaal Park Lauwersmar net genôch
De eksploitaasje fan besikerssintrum Lauwersmar is noch net rûn. Jierliks is al gau in 50 tûzen euro nedich, wylst it Nationaal Park der mar 25 tûzen euro foar krijt. Yn it oerlis- orgaan Nationaal Park Lauwersmar is woansdei besletten om it probleem mei in groep minsken te besjen.
Faaks kin Staatsbosbeheer wat oeren by syn meiwurkers frijmeitsje foar it wurk op it besikerssintrum. Mar it sil foaral fan frijwilligers komme moatte.