Banen ferdwine by Postbank

23 mrt 2007 - 11:15

Lanlik steane in pear tûzen banen faai by de Postbank en de ING Bank. Dat meldt it Financieel Dagblad tongersdei. In wurdfierder fan it fakbûn FNV Bondgenoten seit dat dit komt omdat de bankorganisaasjes har wurksumheden yn elkoar skowe wolle.

Wat de gefolgen foar de Ljouwerter festiging fan de Postbank wêze sil, is noch net bekend. Ferline jier waard al bekend makke dat de ING Bank oerwage it merk Postbank te skrassen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)