Galery yn teekoepel Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Frjentsjer krijt der in miny-atelier en galery by. Dat sil komme yn ien fan de teekoepels op it bolwurk en is in inisjatyf fan de keunstnersferiening fan Frjentsjerteradiel. Der sille skilderijen, foto's en skulptueren toand wurde, mar ek is der romte foar ynteraktyf kontakt mei publyk.
De oanbelangjende teekoepel stie oant no ta leech. Fan de oare teekoepels is iene priveebesit en yn de oare sit it lytste boekwinkeltsje fan Nederlân.