Trije fernielers oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat 3 jonges oanholden foar in grut tal fernielings yn Ljouwert. De fertochten, twa Ljouwerters fan 16 en in stedgenoat fan 19 jier, ha sûnt heal febrewaris yn de wiken Bilgaard en Westeinde sa'n hûndert autobannen lek stutsen. Fierder fernielden se 4 abri's en tal fan spegels fan auto's.
Yn Bilgaard smieten se de ruten fan it wykgebou stikken. De fertochten spuiten ek noch graffiti op de muorre fan in skoalle.