Man slein mei kettingslot

23 mrt 2007 - 10:42

Op de Wurdumerdyk yn Ljouwert is woansdei in man mishannele mei in kettingslot. In ûnbekende man winkte dat it slachtoffer meikomme moast nei de Reigersteeg. Dêr begong de man te slaan mei it slot. It slachtoffer draafde werom, mar op de Wurdumerdyk krige er noch mear klappen en skoppen.

Doe't er op de grûn lei, waard er nochris slein mei it kettingslot. It slachtoffer waard mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)