Tuinstra werom nei Nederlân

Tuinstra komt werom nei Nederlân, nei syn slimme fal
IIsspeedwayer Tuinstra komt freed út Berlyn werom nei Nederlân. De fraktuer yn syn rêch is sa stabyl dat er nei hûs mei. Tuinstra giet yn Nederlân earst nei it sikehûs yn Hearrenfean. As de doktoaren dêr ek fine dat syn ferwûnings fierder mei rêst better wurde kinne, mei er nei hûs.
Tuinstra rekke ferline sneon slimme ferwûne by in fal by wedstriden foar it wrâldkampioenskip. Hy hie in gat yn 'e long op en in stikken rêchwervel.