Ljouwerter Bosk fout oanlein

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter Bosk is ferkeard oanlein. It hat mear fan in produksjebosk as fan in natoer- of rekreaasjebosk. Dat skriuwt biolooch Piet Bremer yn it nije nûmer fan it Fryske natuertiidskrift Twirre.
Bremer hat it Ljouwerter Bosk en in soad oare klaaibosken yn Noardwest- Fryslân ûndersocht. By Ljouwert binne tefolle beammen fan deselde soarte by-inoar plante. Ek der binne ek te min smelle kuierpaden oanlein.