Manlju oppakt foar fjochterij

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn ier trije manlju oanhâlden foar fjochterij yn de Grutte Heechstrjitte. It giet om twa Ljouwerters fan 22 en 27 jier en in Drachtster fan 28 jier.
De trije sieten by twa gruttere groepen dy't mei-inoar deilis wiene. De plysje koe de partijen mar dreech útinoar helje. Se reagearren ek net op it fersyk om fuort te gean. Nei triuwen en lûken en ferskate misledigings binne de manlju oppakt.