'Akupunktuer is kwaksalverij'

22 mrt 2007 - 15:35
De Feriening tsjin Kwaksalverij moat neat ha fan Sineeske Genêskeunst

De provinsje moat de CHN Ljouwert gjin fergunning jaan foar it nije kennissintrum Sineeske Genêskeunst. Dat fynt de Feriening tsjin Kwaksalverij. De kristlike hegeskoalle wol dêr ûnder oare mei in oplieding akupunktuer begjinne. De provinsje wol dêr 100.000 euro oan meibetelje.

Akupunktuer is nutteleas en der is gjin inkeld wittenskiplik bewiis dat de behannelmetoade effektyf is, fynt de feriening.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)