Wyk Ljouwert op probleemlist

Flat oan 'e Ikestrjitte yn de wyk Heechterp
De Ljouwerter wyk Skieringen-Heechterp stiet op de list fan 40 probleemwiken fan minister Vogelaar. De wyk sil op koarte termyn help en jild krije fan it Ryk om de buert op te knappen en de sosjale gearhing te ferbetterjen. De minister wol in yntinsive relaasje opbouwe mei de probleemwiken.
Rotterdam stiet mei sân wiken boppe-oan, Amsterdam is twadde mei fiif. Wethâlder Sluiter hat yn de Ljouwerter wyk útlis jûn oer de list.