'Radio Boarnsterhim yllegaal'

22 mrt 2007 - 12:32

De stjoerfergunning fan de lokale omrop fan de Boarnsterstim is mear as in moanne ferrûn. Formeel sjoen is de omrop dêrmei yllegaal wurden. De omrop is al sûnt septimber dwaande mei de proseduere om wer foar fiif jier in fergunning te krijen.

Neffens de foarsitter fan de omrop leit it oan de gemeente dat it allegearre sa lang duorret. It Commissariaat voor de Media grypt noch net yn, omdat de proseduere rint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)