Asbest Koatstertille ophelle

Asbest soarget foar in hoop ûnrêst
It asbest dat by in wenhûs oan de Caspar de Roblesstrjitte yn Koatstertille leit, wurdt tongersdei oprêden. De stichting Wenningbou Achtkarspelen lit it asbest ophelje troch in spesjaal bedriuw.
De bulte asbest soarge foar ûnrêst by buertbewenners. De gemeente makket ôfspraken mei de wenningstichting om sokke situaasjes yn Koatstertille tenei foar te kommen.