Heger berop tsjin ATF

22 mrt 2007 - 11:17

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert giet yn heger berop tsjin de útspraak yn 'e saak-ATF. De rjochtbank spruts de trije direkteuren en it bedriuw frij foar brân troch skuld. It bedriuw en ien direkteur krigen wol in boete foar it skeinen fan miljeuregels.

By ATF Drachten gie yn 2000 hast 500 ton gemysk ôffal yn flammen op. It OM fynt dat de direkteuren skuldich binne oan it ûntstean fan de brân en giet dêrom yn heger berop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)