Winkelsintrum Harkema tichtby

© Omrop Fryslân
De komst fan in nij winkelsintrum op de Harkema is in stap tichterby. Corporatieholding Friesland sjocht wol wat yn de plannen foar it nije kompleks. Dat die woansdei bliken by de presintaasje fan de plannen oan de leden fan pleatselik belang.
Boppe de winkels komme tritich apparteminten. Fierders wurde der tolve huzen sloopt. Der komme nije wenten op it plak fan it gymnastyklokaal en 'e tennisbaan.