Undersyk nei doarpshûzen

© Omrop Fryslân
Yn Littenseradiel begjint yn april in grut ûndersyk nei de takomst fan de doarpshûzen yn de gemeente. Sawat 50 studinten fan de Universiteit fan Amsterdam wolle witte oft de ynwenners faak yn it doarpshûs komme en oft sy dat belangryk fine.
Fierder moat dúdlik wurde oft der oer in jier as 5 bygelyks noch wol frijwilligers binne dy't har ynsette wolle foar dy doarpshûzen. Mei-elkoar wurde der 800 minsken ûnderfrege.