Gemeente keart plannen toer

In definityf beslút oer de toer wurdt pas oer in pear moannen nommen
Boarnsterhim hoecht de kommende moannen net mei te wurkjen oan plannen mei de wettertoer fan Nes, by Akkrum. De gemeenteried hat unanym besletten dat it bestimmingsplan om de toer hinne oanpast wurdt.
Dit is in juridyske truuk om foar te kommen dat de gemeente al in beslissing nimme moat oer de takomst fan de toer. Dy stiet te keap. Ynwenners fan Nes binne benaud foar sloop. De kâns dêrop liket no lyts.