Skorsing Sulejmani opheft

21 mrt 2007 - 17:07

Miralem Sulejmani kin per direkt spylje foar SC Heerenveen. De skorsing fan de 18-jierrige Servyske fuotballer is woansdei troch wrâldfuotbalbûn FIFA opheft.

Heerenveen naam Sulejmani yn desimber oer fan Partizan Belgrado. Fanwege in skeel oer it transferbedrach besleat it Servyske fuotbalbûn Sulejmani foar in jier te skorsen. De FIFA hat no oardield dat dy skorsing net rjochtmjittich wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)