Skeafergoeding Duinen Zathe

It nije Duinen Zathe
Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea krijt 450.000 euro fan de gemeente Eaststellingwerf. It giet om in skeafergoeding omdat it park ynkomsten misrûn is. Troch in flater yn de fergunningferliening koe it attraksjepark nei in ferhuzing letter iepen as bedoeld.
It jild is in fergoeding fan de skea dy't it hoarekapart fan it attraksjepark oprûn hat. Foar oare dielen fan it park komt ek fergoeding.