Trije Friezen nei it WK

21 mrt 2007 - 15:22

Bûnskoach Peter Pieters hat trije Fryske hurdfytsers selektearre foar de wrâldkampioenskippen op de baan. Wim Stroetinga fan Aldeberkeap, Jenning Huizenga fan Frjentsjer en Sipke Zijlstra fan Burgum sille fan tongersdei 29 maart oant en mei snein 1 april op Mallorca oan ferskillende ûnderdielen meidwaan.

Stroetinga makket kâns op it ûnderdiel scratch, Huizenga en Zijlstra dogge mei oan de ploegeachterfolging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)