Krityske grins Omrin berikt

21 mrt 2007 - 13:46

Der moatte net noch mear gemeenten opstappe by ôffalferwurker Omrin. As dat wol bart, komt de bou fan in ôffalsintrale troch Omrin by Harns faai te stean. Dat is in wichtige konklúzje yn in ûndersyk dat Pricewaterhouse Coopers útfierd hat. Ek soe Omrin te min rekken hâlden mei beswieren fan omwenjenden. It ûndersyk is dien yn opdracht fan de Fryske gemeenten, mar nei bûten brocht troch in aksjegroep tsjin de ôffalsintrale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)