Laverman mei Rowwen Hèze

21 mrt 2007 - 11:38

De Fryske sjongeres Nynke Laverman sil 15 april yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam optrede mei de Limburchske band Rowwen Hèze. Laverman sjongt dan foar it earst it duet 'Droemvlucht' mei sjonger Jack Poels. It nûmer stiet op de lêste cd fan Rowwen Hèze, mar is noch net earder live útfierd.

'Droemvlucht' is yn it Frysk en yn it Limburchsk. It konsert yn de Heineken Music Hall is de ôfsluting fan de lanlike toernee fan de Limburgers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)