'Kaugum Drachten oanpakke'

21 mrt 2007 - 11:33
Foto: Omrop Fryslân

It CDA yn Smellingerlân fynt dat der nedich wat dien wurde moat oan de fersmoarging troch kaugum op de Kaden yn Drachten. Neffens de partij rint it de spuigatten út, op de stoepen en de dyk sels.

Boargemaster Middel wol de saak ek serieus oanpakke. By need moat de algemiene plysjeferoardening der mar foar oanpast wurde. Miskien moat der wol krekt sa strang foar straft wurde as yn Singapore, seit de boargemaster.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)