'Flitspeal op Ruterskertier'

Op it Ruterskertier yn Ljouwert moat in flitspeal komme, ynstee fan de beweechbere pealtjes. Dat fynt de VVD yn de stêd. Om de pealtsjes hat in soad te dwaan west. De gemeente hat der no in stek by set, om't der al 18 auto's tsjin de pealtsjes riden binne.
De VVD fynt alle kommoasje min foar it imago. Boppedat smite de pealtsjes in soad kosten en skea op. Ek is it sintrum yn Ljouwert min berikber foar helptsjinsten fan bûten de stêd.