Brân yn yttinte

© Omrop Fryslân
Yn in ytgelegenheid oan de Nieuwe Hollanderdijk yn Ljouwert hat tiisdeitenacht brân west. In foarbygonger dy't de brân ûntduts, belle de plysje. Dy hat noch besocht om it fjoer mei hânblussers út te krijen, mar dat slagge net.
De brânwacht koe dêrnei net foarkomme dat de keuken fan de yttinte folslein útbaarnde. De rest fan it gebou hat reek- en roetskea. De plysje ûndersiket de oarsaak fan de brân.