Kokainehannelers oanhâlden

21 mrt 2007 - 10:25

De plysje hat trije manlju oanhâlden fanwege hannel yn kokaine. It giet om twa Snitsers fan 21 en 22 en in man út Raerd fan 23. De Snitsers hiene fan desimber ôf in fêste klantekring opboud. Se kochten de kokaine yn by de man út Raerd.

By de oanhâlding fan de 21-jierrige Snitser fûn de plysje sân wikkels mei kokaine. Alle fertochten binne mei in proses-ferbaal wer frijlitten, yn ôfwachting fan har rjochtsaak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)