Utstalling skiednis Ljouwert

21 mrt 2007 - 06:51
Foto: Omrop Fryslân

It Historysk Sintrum Ljouwert, it HCL, sil yn it nije ûnderkommen oan de Grienewei in permaninte útstalling ynrjochtsje oer de skiednis fan de Fryske haadstêd. It inisjatyf foar de útstalling komt fan de Wopke Eekhof Stifting, neamd nei de stedsargivaris en skiednisskriuwer út de 19e ieu.

De totale kosten foar it ynrjochtsjen fan de útstalling binne hast twa ton. De gemeente Ljouwert betellet dêrfan 25.000 euro en de provinsje 40.000.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)