Caparis sil post besoargje

Caparis meiwurkers sille de post rûnbringe
De post fan de gemeente Ljouwert wurdt fan april ôf besoarge troch Caparis. Dy post wurdt no allegear besoarge troch TNT. Troch in feroaring yn de wet kinne oare bedriuwen aanst ek de post rûnbringe. De sosjale wurkplakken wolle yn dat gat yn de merk stappe en in serieuzse konkurrint wurde fan de TNT.
Ljouwert wurket der graach oan mei. De post besoargje litte troch Caparis is sosjaal en goedkeaper.