Gemeente set stek by pealtsjes

De peallen sels geane ek hieltyd stikken troch de oanridings
Nei 18 stikkene auto's moatte stekken op it Ruterskertier de automobilisten no fertelle dat se ècht net tsjin de pealtsjes opride moatte. De gemeente Ljouwert hat besletten ta dizze ekstra maatregel om't minsken noch hieltyd net sjogge dat se net mear trochride kinne oer it Ruterskertier.
De stekken wurde woansdei of tongersdei pleatst. De bussen kinne noch wol, mei in bocht, om it stek hinne ride.