Ungelok A7: man ferwûne

20 mrt 2007 - 17:47

By in ûngelok op de A7 by Boalsert is tiisdeitemiddei in autobestjoerder ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak kaam de man mei syn auto yn de middenberm. Troch in korreksje mei it stjoer rekke er yn de sleat oan de rjochterkant fan de dyk.

It slachtoffer is troch de brânwacht út de auto helle. Hy is nei it sikehûs yn Snits brocht. De rjochterrydstrook hat twa oeren ôfsletten west, mar it ferkear koe der wol gewoan by del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)